Bonnie & Clyde bewust fan leed

De slachtoffers fan it kriminele duo Antonio van der P. fan De Harkema en syn freondinne Enise B. binne noch altyd bang. Dat waard hjoed dúdlik yn de rjochtbank fan Assen, dêr't in saneamde pro-forma sitting tsjinnet. Neffens de advokaat fan it duo Peter Plasman binne se har bewust fan it leed dat se oanrjochte hawwe. De fertochten binne sels net oanwêzich by de rjochtsaak. It duo waard op 26 febrewaris yn Dútslân oanhâlden nei in dagenlange klopjacht troch de plysje.
De achterfolging brocht de twa fia Ychten, Meppel en Enschede nei Dútslân, dêr't se pakt waarden yn in hotel. Bonnie and Clyde, sa't it duo yn de parse neamd waard, ûntfierde in frou, gizele in man en sketten in man del. Ferline wike hawwe se foar in grut part bekend.