Natuer herstelt folslein

02 sep 2014 - 12:57

Nei in protte jierren fan achterútgong liket de natuer yn Nederlân him folslein te herstellen. Dat docht bliken út in analyze fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. De lichte foarútgong is it sterkst by libellen en sûchbisten. By de flinters en amfibyen is gjin werstel te sjen. Foar it ûndersyk is nei 1800 soarten bisten en planten sjoen. It byld yn Fryslân kloppet wol aardich mei it lanlike byld. Posityf is dat de kraanfûgel en de bever werom binne, mar de skries en de ljip hawwe it noch altyd hiel dreech.

Trefwurden: 
natuer herstel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)