Skoalbern rinne gefaar op fyts

02 sep 2014 - 12:25

Septimber is in gefaarlike moanne foar 'brugpiepers', yn dy moanne barre de measte ûngelokken yn it ferkear mei skoalbern. Benammen bern dy't foar it earst nei skoalle gean, meitsje kâns op ûngelokken. Neffens it Fytsersbûn ha se te min fytsûnderfining en ek witte se it paad net goed genôch en wurde se faak ôflaat troch freonen.

Neffens Stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid sjit it ferkearsûnderwiis op de basisskoalle tekoart. Der moat mear yn de praktyk oefene wurde, sa kinne ûngelokken foarkaam wurde.

Sifers litte sjen dat it tal ûngelokken mei 12-jierrigen tusken 1993 en 2009 lanlik sjoen op gemiddeld 187 leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)