Scooterbestjoerder oanhâlden

02 sep 2014 - 12:11

De plysje hat moandeitemiddei oan de Oostergowei in 45-jierrige scooterbestjoerder oanhâlden dy't ûnder ynfloed fan alkohol in fytster fan 69 jier oanriden hie. De scooterbestjoerder út Ljouwert, dy't gjin rydbewiis hie, wie op wei nei it sikehûs mei syn maat, dy't bewearde dat hy delsketten wie en dêrom rap nei it sikehûs brocht wurde moast. Dit ferhaal kloppe net, de man wie ûnder ynfloed fan drugs.

De scooterbestjoerder is oanhâlden en hat proses-ferbaal krigen. De man is letter wer frijlitten. By it ûngelok is nimmen ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)