Boukraan Welgelegen ynstoart

02 sep 2014 - 10:04

Op it bouterrein fan Welgelegen yn Harns is tiisdeitemoarn in boukraan yn elkoar stoarten. Om in oere as 8 hearden buertbewenners in hurde klap. Doe't se nei bûten seagen die bliken dat de earm fan de grutte kraan omklapt wie. Op dat momint wiene der wol minsken oan it wurk, mar foar safier't bekend is, is der net ien ferwûne rekke.

De kraan waard ynhierd troch Heijmans en sy litte de saak ûndersykje.

Trefwurden: 
Harns Welgelegen boukraan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)