Psy-Fi mooglik wer yn Ljouwert

Tinten fan Psy-Fi gongers yn de Griene Stjer © Omrop Fryslân, Alle Faber
It 5-daachse dûnsfestival Psy-Fi Festival komt mooglik takom jier opnij nei rekreaasjegebiet De Griene Stjer yn Ljouwert. Petearen dêroer binne al oan de gong. De ôfrûne dagen ha goed 12.000 besikers út 48 ferskate lannen op it festival west.
In soad besikers ha neffens de organisaasje ek in besite brocht oan it sintrum fan Ljouwert. Dit hat sawol de stêd as foar de regio in ekonomyske ympuls jûn, sa seit de organisaasje.