Studinten iepenje eigen saak

02 sep 2014 - 08:37

It nije kolleezjejier fan hegeskoalle Stenden yn Ljouwert wurdt tiisdei offisjeel iepene. Dat betsjut dat tûzenen studinten wer besykje in stúdzje te heljen. Dat moat úteinlik in baan of in eigen bedriuw opsmite. Dat lêste is Fabian Otten en Tjitske Faber al slagge.

Se binne beide krekt ôfstudearre oan Stenden en op 1 augustus fan start gien mei in biologysk broadsjeshûs yn Ljouwert. It jild om it bedriuw op te setten ha se binnenhelle fia it saneamde crowdfunding, jild út de mienskip.

Tiisdei binne Fabian en Tjitske gasten by de iepening fan it kolleezjejier by Stenden. Se sille dêr fertelle oer harren ûnderfinings oant no ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)