Earste website mei .frl online

02 sep 2014 - 06:35

De earste website fan de wrâld mei de Fryske ynternet domeinnamme .frl giet tiisdei online. Om healve fiven hinne sil de website www.nic.frl tagonklik wêze. Fryslân is de earste provinsje dy't in eigen ekstinsje hat op ynternet. .frl moat in begryp wurde, lykas .nl of .com.

Yn juny wie deputearre Sietske Poepjes noch op in kongres yn London oer it formele beslút foar it tastean fan .frl. Neffens de provinsje is it fan grut belang dat Fryslân no in eigen plakje hat op it wrâldwide web.

Wat der krekt op de earste website www.nic.frl te finen is, wurdt tiisdeitemiddei bekend makke.

Trefwurden: 
ynternet .frl domeinnamme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)