Hûnen dea by brân yn Sint-Anne

01 sep 2014 - 22:59
Foto: ANP

By in brân yn in wenhús oan de Altoenastrjitte yn Sint-Anne binne moandeitejûn fjouwer hûnen omkommen. De brân wie ûntstien yn de ôfwaskmasine. De brânwacht hat noch besocht om de hûnen te rêden troch se soerstof te jaan, mar de bisten wienen net mear te rêden.

Trefwurden: 
brân Sint-Anne hûnen
(advertinsje)
(advertinsje)