Boubedriuw keapet sels in hús

01 sep 2014 - 21:55

Boubedriuw Van Wijnen fan De Gordyk hat in hús oan de Ra'annana yn dat plak kocht. De bedoeling is dat dat hús omboud wurde sil ta in hús sûnder enerzjyrekken en mei alle moderne techniken deryn. It boubedriuw is mei blommen nei de buorlju gien om se út te noegjen foar in ynformaasjebyienkomst oer de nije wenformule dy't se mei dit hús lansearje wolle.

Se wolle sjen litte hoe't se it hús oanpasse sille. Ein septimber moat de oanpassing klear wêze.

Trefwurden: 
De Gordyk Van Wijnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)