33 nije teamsjefs plysje

01 sep 2014 - 17:23

De plysje hat fan hjoed ôf 33 nije teamsjefs oansteld. It giet om 23 manlju en 10 froulju. Sy moatte lieding jaan oan de nije basisteams dy't mei yngong fan 1 jannewaris 2015 los gean. Neffens plysjesjef Oscar Dros fan Noard-Nederlân is hjirmei in belangrike stap setten nei de foarming fan ien lanlik plysjekorps.

De nije sjefs sille harren minder dwaande hâlde mei behearstaken en krije dêrtroch de romte om te stjoeren yn de tsjinstferliening oan boargers. Der binne noch 17 iepensteande fakatueres foar liedingjaande funksjes.

De plysje hopet dat dy beneamings op 1 desimber rûn komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)