Kâns op transfers H'fean lyts

01 sep 2014 - 15:59

Sportklup Hearrenfean liket gjin spilers mear oan te lûken foar it sluten fan de transferperioade. Neffens manager fuotbalsaken Hans Vonk hie Hearrenfean in petear mei in spiler, mar koene se der net út komme. Hearrenfean hie wol in oerienkomst mei de klup fan de spiler.

Om welke spiler it giet, kin Vonk net sizze. Wol dat it giet om in spiler út in bûtenlânske kompetysje. Neffens Vonk is de kâns lyts dat Hearrenfean no noch wat dwaan sil. "Als we iets willen halen, moet het wel goed geregeld zijn. We willen niet gehaast zaken doen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)