Seleksje Cambuur is rûn

01 sep 2014 - 15:21

SC Cambuur hat de seleksje rûn. Dat seit technysk manager Marcel Keizer fan Cambuur. Mei de oankeap fan de Poal Sebastian Steblecki hat Cambuur no tolve nije spilers oanlutsen en dat is neffens Keizer genôch. "Van mij mag het 12 uur zijn," sa seit Keizer. Om tolve oere middernacht slút de transfermerk.

Neffens Keizer hoecht dit net te betsjutten dat Cambuur neat mear docht. Denzel Slager traint noch mei by Cambuur. Slager is transferfrij en kin dus bûten de transferperioade oanlutsen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)