Dûmny Smilde (92) ferstoarn

01 sep 2014 - 14:56

Yn syn wenplak Ljouwert is sneon dûmny Bernard Smilde op 92-jierrige leeftyd ferstoarn. Smilde wie in ferneamde dûmny, dy't njonken syn tagonklike Fryske tsjinsten ek bekend waard fanwege syn eigen komponearre muzykstikken.

Yn 2012 ferskynde it boek 'Dr. Bernard Smilde, Tûzenpoat en trochsetter'. Ien fan de skriuwers is Jan Dirk Wassenaar, dûmny en freon fan Smilde. Hy sil freed ek de ôfskiedstsjint liede foar Bernard Smilde. Dy wurdt holden yn de Kuriostsjerke yn Ljouwert.

Smilde wie ûnder oaren belutsen by de oersetting fan de Fryske Bibel, wie sekretaris by de Yntertsjerklike Kommisje foar de Nije Fryske Bibeloersettings, en soarge foar de ferfrysking fan it Liedboek foar de tsjerken.

Trefwurden: 
dûmny Bernard Smilde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)