Skea by VDL Postma nei ynbraak

01 sep 2014 - 14:34
Foto: Omrop Fryslân

By in ynbraak by VDL Postma op It Hearrenfean hawwe dieven ôfrûne nacht foar trettjintûzen euro oan skea oanrjochte. De dieders hawwe it tagongsstek iepenbrutsen en in blauwe kontener mei aluminium stellen. Dêrby is nei alle gedachten gebrûk makke fan in frachtwein.

(advertinsje)
(advertinsje)