Alliade tefreden oer Klomp

01 sep 2014 - 14:01

Soarchgroep Alliade is oer it generaal tefreden oer hoe't taksybedriuw Klomp fan 'e moarn foar it earst kliïnten fan Talant nei opfang- en skoallokaasjes brocht hat. Al gie it yn tweintich gefallen wol mis. Kliïnten en begelieders moasten lang wachtsje foardat de taksy of bus har opheljen kaam.

Klomp hat it kliïnteferfier nei in oanbestegingsproseduere oernaam fan de Fryske taksybedriuwen Oenema en Witteveen. Petearen oer in oername fan it personiel troch Klomp ha neat opsmiten, wat Alliade spitich fynt.

(advertinsje)
(advertinsje)