Rôs lintsje foar Tjongerskâns

01 sep 2014 - 13:36

Sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean hat fan de boarstkankerferiening it rôze lintsje krigen foar har 'mammacare'. It sikehûs foldocht oan hast alle kritearia. Mei dit lintsje kinne boarstkankerpasjinten sjen dat de soarch goed is. Alle Fryske sikehuzen ha op dit stuit in rôs lintsje, útsein de Sionsberg en MCL Harns, dy't it grize lintsje hawwe.

De Tjongerskâns behannelet alle jierren sa'n hûndert pasjinten. It sikehûs docht gjin plastyske sjirurgy. Dêrfoar wurde de pasjinten trochferwiisd nei Nij Smellinghe yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)