Fryske muzyk yn Eastenryk 1

Fan 1 oant 5 septimber folget Omrop Fryslân in bus fol echte Fryske muzykfans. De 40 âldere jongeren reizigje yn it televyzjeprogramma 'Fryske muzyk yn Eastenryk' achter harren idoalen oan nei Westendorf yn Eastenryk foar optredens fan Griet Wiersma, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman. Moandei op Omrop Fryslân TV it earste diel.
Hendrina Wiersma en Margreet Semplonius trouden beide in Eastenrykse man út Westendorf. En sa ûntstie der in lytse Fryske mienskip yn Eastenryk en it fûnemint foar de Fryske muzykwike. Hendrina is gastfrou fan hotel Mesnerwirt dêr't de Fryske muzykfans delstrike. Margreet is de gastfrou fan pension Haus Leo dêr't de Fryske artysten Griet Wiersma, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veema harren ophâlde.
En fansels gjin reis sûnder sjauffeur Henk. Hy soarget foar it feilige ferfier en sa komme de fans nei in rit fan sa'n 12 oeren oan yn Westendorf en kin it grutte feest begjinne.
Sjoch hjir no al it earste diel fan 'Fryske muzyk yn Eastenryk'.