Man mishannele op sportfjild

Sportfjild © Omrop Fryslân
De plysje hat snein in 28-jierrige man út Drachten oanhâlden. De man wurdt fertocht fan mishanneling.
Hy soe by in fuotbalwedstryd op de sportfjilden oan de Noarderdwersfeart in 39-jierrige man fan de tsjinpartij út Drachten mishannele ha. Dat gebeurde yn de wedstryd. De twa krigen ûnienichheid en de 39-jierrige krige in klap yn it gesicht. Hy rekke dêrtroch ferwûne. De plysje hat de 28-jierrige Drachtster oanhâlden. Hy moast mei nei it plysjeburo foar ferhoar. Dêr is proses-ferbaal opmakke.