Wildschut nei Middlesbrough

31 aug 2014 - 16:52

Yanic Wildschut ferlit SC Hearrenfean en giet nei de Ingelske klup Middlesbrough. Hearrenfean en Middlesbrough hawwe in akkoart berikt oer in oergong fan de oanfaller. Wildschut is op dit stuit yn Ingelân foar in medyske keuring en moat persoanlik noch in akkoart berikke mei Middlesbrough.

Manager fuotbalsaken Hans Vonk giet der fan út dat Daley Sinkgraven by SC Hearrenfean bliuwt. Ajax hat by Hearrenfean ynformearre nei Sinkgraven, mar Vonk giet der fanút dat it dêr by bliuwt.

Foar it sluten fan de transferperioade moandeitenacht wol Hearrenfean him noch mei ien spiler fersterkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)