Derek diskwalifisearre yn race

Derek Buitenzorg, it draafhynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, is der snein yn Wolvegea op it Victoriapark net yn slagge syn alderearste oerwinning te pakken. Derek rûn in knappe race, mar waard diskwalifisearre om't pikeur Arend de Wrede mei it tsjil fan de sulky bûten de baan west hat. Dat barde yn de lêste bocht.
Derek starte yn it middenfjild, mar rûn knap yn op koprinner Broer van Bremen. Yn de spannende slotmeters waard Derek lykwols ynhelle troch winner Diola P. It twadde plak wie foar Gails Yankee.