Fryske muzyk yn Eastenryk

Snein wie yn it filmhûs yn Ljouwert de premjêre fan de Omrop Fryslân dokusoap Fryske Muzyk yn Eastenryk. Artysten as Griet Wiersma, Anneke Douma, Piter Wilkens en Doede Veeman reizgen yn in bus mei Fryske fans nei Eastenryk. De doku is takom wike te sjen by Omrop Fryslân.
Yn it filmhûs wiene de earste twa ôfleveringen fan de dokusoap op in grut skerm te sjen. Om yn de styl fan de reis nei Eastenryk te bliuwen waarden de besikers út Fryslân mei in bus ophelle. De dokusoap is makke troch Herman Zeilstra en Halbe Piter Claus.