Psy-Fi gongers dûnsje troch

De besikers op it Psy-Fi muzykfestival yn de Griene Stjer fermeitsje harren snein poerbêst op de fjirde dei fan it fiifdaachse festival. It waar lit de festivalgongers wolris wat yn de steek, mar dan is der altyd noch de tinte as skûlplak. De organisaasje is goed te sprekken oer it tal besikers. Se rûze dit op sa'n 12.000.
Omdat it festival 24 oeren deis trochgiet moat bot rekken holden wurde mei de lûdsnoarmen. Der binne de ôfrûne dagen folop mjittings dien en it giet meastentiids knap. Moandeitejûn krekt foar tolve oere sit Psy-Fi der op.
Wat de organisaasje oanbelanget komt der yn 2015 wer in Psy-Fi festival yn de Griene Stjer.