De Jong wint yn Uithuizen

31 aug 2014 - 13:43

Gersbaanracer Jannick de Jong fan De Gordyk hat sneon mei oermacht de wedstryd om it Iepen NK gersbaan yn Uithuizen wûn. De Gordykster wie yn alle trije syn searjes de rapste en ek yn de finale wie er op 'e nij de bêste. It twadde plak wie foar Henry van der Steen út Aldebiltsyl. De Frânsman Gabriel Dubernard waard tredde.

By de sydspannen gong de winst nei William Matthijssen en Nathalie Stellingwerf fan Tsjummearum.

Op 21 septimber is de lêste wedstryd om it Iepen NK gersbaan yn Roden. Dan wurdt bekend wa't de nasjonale titel pakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)