De Jonge en Menzo ûntslein

31 aug 2014 - 13:07

Twa fuotbaltrainers dy't aktyf west hawwe foar Fryske klups binne snein ûntslein. By Heracles Almelo krige Jan de Jonge dien, nei bot ôffallende resultaten. Heracles hat dit seizoen allinnich noch mar ferlern, ûnder oare fan Cambuur. De Jonge wie earder aktyf by SC Hearrenfean as spiler en as assistint-trener.

By de Belgyske klup Lierse SK is Stanley Menzo fuortstjoerd, ek fanwege minne resultaten. Menzo hat twa jier trainer west by SC Cambuur, fan 2008 oant 2010.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)