Mishanneling yn Ljouwert

31 aug 2014 - 09:24
Foto: ANP XTRA

In jonge fan 15 út Grins hat sneontenacht in 23-jierrige Ljouwerter mishannele. Dat wie op de Wurdumerdyk yn Ljouwert. De Grinzer soe de man sûnder oanlieding in pear kear yn it gesicht slein hawwe. De jonge is oanhâlden, en ek in 19-jierrige Ljouwerter dy't de mishanneling útlokt hawwe soe is ynsletten.

Op kamerabylden soe dúdlik te sjen wêze dat it duo de slaanderij opsocht.

Trefwurden: 
Ljouwert mishanneling
(advertinsje)
(advertinsje)