Jan Fischer op Skier ferstoarn

31 aug 2014 - 00:17

Jan Fischer, de kleurrike eigener fan Hotel Van der Werff op Skiermûntseach, is ferstoarn. De 74-jierrige Fischer wie al yn de jierren sechtich as kelner aktyf yn it hotel. Dêrnei wurke hy jierrenlang by de aktualiteiterubryk Tros Aktua. Nei it ferstjerren fan de eigenaresse fan hotel Van der Werff naam hy it hotel oer en soarge hy derfoar dat it grutte bekendheid krige.

De lêste jierren liet syn sûnens him hieltyd mear yn de steek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)