Cambuur wint fan ADO Den Haag

30 aug 2014 - 21:41

Cambuur hat sneon de thúswedstriid tsjin ADO Den Haag mei 3-2 wûn. Erik Bakker iepene de skoare yn de 40e minút. ADO begûn de twadde helte better. Binnen 7 minuten wie it 1-2, troch goals fan Kramer en Houtkoop. Cambuur hie it dreech, mar Rusnák fertsjinne in penalty, dy't troch Bakker benut waard. Yn de 80e minút skeat Lucas Bijker in rebound rekke en helle dêrmei de folle winst binnen. It wie de earste goal fan Bijker yn it betelle fuotbal.

Cambuur hat no 8 punten út 4 wedstriden. Dêrmei steane de Ljouwerters foarearst op in tredde plak.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)