Fjochterij by de feesttinte

© Omrop Fryslân
Twa manlju binne oanhâlden oanhâlden, omdat se in stel fan 17 en 18 jier út De Westereen mishannele hawwe soene. It stel wie yn de feesttinte yn Kollumersweach. It giet om in 19-jierrige ynwenner fan Kollumersweach en in 22-jierrige man út Feanwâlden.
De 18-jierrige jonge krige dêr spul mei de Kollumersweachster. De befeiliging grypte yn, mar koe net foarkomme dat de 19-jierrige mei help fan maten it stel letter bûten de feesttinte oanfoel. It stel waard skopt en slein. It 17-jierrige famke moast nei de earste help.
De fertochten waarden freedtejûn en sneon oanhâlden. Se binne yntusken wer frijlitten, mar binne noch wol fertochte. De plysje ûndersiket de saak.