Harns nimt ôfskied SAR-hely

By de Harnzer Fiskerijdagen wurdt sneon ôfskied naam fan de SAR-helikopter. Jierrenlang wie de helikopter fan it 303-squadron in fêst ûnderdiel fan de Fiskerijdagen. Mar definsje hâldt yn 2015 op mei it pasjinteferfier fan de Waadeilannen. Dêrom is de demonstraasje fan de helikopter mei de KNRM hjoed de lêste dy't yn Harns hâlden wurdt.
Om hjir by stil te stean, sil boargemaster Roel Sluiter in plakette oerhandigje oan kommandant Ed van Scherpenzeel.