Goed seizoen sylskoallen

De Fryske sylskoallen sjogge werom op in poerbêst sylseizoen. Dat docht bliken út in earste rûngong lâns de sylskoallen, útfierd troch Christophe Meijer fan sylskoalle Pean. De meast opfallende konklúzje fan it ûndersyk is de grutte taname fan it tal jonge silers fan 8 oant en mei 12 jier. Dat is goed neffens Meijer, om't dit de takomst fan de Fryske wettersport is.
Krekt foardat it seizoen útein sette wie der in soad drokte oer it fallisemint fan Zeilscholen.nl.
Dat soarge derfoar dat de sylskoallen oerspield waarden mei tillefoantsjes fan dupearre minsken. Neffens Meijer hat it imago fan de Fryske sylskoallen gjin skea oprûn troch it fallisemint, om't de skoallen sjen litten ha dat se mei har allen de skouders der ûnder set ha om ta goeie oplossingen te kommen.