Kramer kandidaat-listlûker FNP

Deputearre Johannes Kramer
Deputearre Johannes Kramer fan Sibrandabuorren hat him kandidaat steld as listlûker fan de FNP, by de provinsjale steateferkiezings yn 2015. Dat die hy freed by de iepening fan it nije politike seizoen fan syn partij. Kramer is sûnt 2011 deputearre út namme fan de FNP.
Dêrfoar wie hy yn 2003 en 2007 listlûker fan de FNP en fraksjefoarsitter yn de Fryske Steaten.