Norbruis fjirde op WK tiidrit
Paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis út Oerterp is der freed net yn slagge in medalje te pakken op it ûnderdiel tiidrit op de WK Paracycling yn it Amerikaanske Greenville. De Oerterpse sette in fjirde tiid op de klok. De winst gong nei Allison Jones, dy't yn eigen lân de bêste wie.
Snein komt Alyda Norbruis op 'e nij yn aksje by in rit op de dyk.