Achtkarspelen nimt Amarins oer

© ANP
Berne-opfang Achtkarspelen nimt alle lokaasjes fan berne-opfang Amarins yn de gemeente Achtkarspelen en Kollumerlân oer. Utsein de bernedeiopfang yn Boerum, dy't oernaam wurdt troch Jeannet Riemersma en it pjutteboartersplak en de berne-opfang yn Kollumersweach, dy't yn hannen komme fan Ida ten Hoeve. Berne-opfang Achtkarspelen nimt yn elts gefal 45 meiwurkers fan Amarins oer.
De oername giet yn op 24 septimber. Oant dy tiid binne de lokaasjes ûnder lieding fan de kurator. Oer de lokaasjes yn Dantumadiel wurdt nije wike oerlein.