Tim Douwsma yn aksje foar KWF

29 aug 2014 - 17:11

Sjonger Tim Douwsma sil moandei kollektearje foar it KWF Kankerfûns. Ut elke provinsje is in bekende Nederlanner frege om de hûnderttûzen frijwillige kollekterinners in hert ûnder de riem te stekken. Douwsma sil moandeitemiddei fan fiif oant seis oere de doarren bydel yn Ljouwert. Dat docht er mei in groepke frijwilligers en in saneamde kollekteheld.

In kollekteheld is in frijwilliger dy't troch de boargemaster beneamd is foar syn of har jierrenlange ynset foar it KWF Kankerfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)