Havens moatte fiskers betelje

29 aug 2014 - 17:01

Steatssiktaris Sharon Dijksma wol dat gemeenten mei in haven oan de Iselmar meibetelje oan it fûns dat ynsteld wurdt om Iselmarfiskers út te keapjen. De steatssiktaris wol dat beropsfiskers minder te fiskjen gean op de Iselmar, sadat de fiskstân him werstelle kin. Dêrfoar wurdt in spesjaal fûns oprjochte, dêr't de fiskers in finansjele kompensaasje út krije kinne.

Dijksma fynt dat gemeenten mei in haven oan de Iselmar in bydrage leverje moatte oan it fûns, om't de havens sels ek belang hawwe by in werstel fan de fiskstân.

Dat smyt ommers op termyn ekstra ynkomsten op út toerisme en rekreaasje, seit Dijksma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)