Bijker net yn Jong Oranje

Lucas Bijker © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Lucas Bijker fan SC Cambuur hat de definitive seleksje fan Jong Oranje net helle. Joost van Aken en Daley Sinkgraven fan SC Hearrenfean sitte der wol by. Ek Hakim Ziyech, âld SC Hearrenfeanspiler, is oproppen. Bijker wie ien fan de 35 spilers dy't ferline wike oproppen waard. Der binne úteinlik 23 fuotballers fan oerbleaun. Jong Oranje spilet takom wike twa kwalifikaasjeduels foar it EK. It alvetal fan coach Adrie Koster stiet op it stuit boppe-oan yn de pûl.