Meleg werom yn basis Cambuur

29 aug 2014 - 13:11

Dejan Meleg is wer werom yn de basis fan Cambuur. De Ljouwerters spylje sneon de thúswedstriid tsjin ADO Den Haag. Meleg waard ferline wike passeard. Sander van de Streek wie doe syn ferfanger. Van de Streek begjint sneon op de bank. Dat jildt nei alle gedachten ek foar nije oanwinst Daniël de Ridder. Hy wurdt foarsichtich klear makke foar syn debút nei in knibbeloperaasje yn maaie. Cambuur tinkt der oer om de proefperioade fan Denzel Slager te ferlingen om better sicht te krijen op de kwaliteiten fan de spiler.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)