'Festivalbesikers jild kwyt'

29 aug 2014 - 12:33

De kâns is lyts dat minsken dy't in kaartsje kocht ha foar it fallite festival Soundflavours harren jild weromkrije. Dat tinkt kurator Cynthia Grondsma. Yn totaal hienen 211 minsken in kaartsje kocht foar it festival, dat op 9 augustus yn de Griene Stjer yn Ljouwert hâlden wurde soe. Twa wike yn it foar die bliken dat de organisaasje de artysten net betelje koe. Ofrûne wike is it festival fallyt ferklearre.

Om't earst skuldeaskers lykas de belestingtsjinst ôfbetelle wurde moatte, tinkt de kurator net dat besikers har jild weromkrije kinne.

Sy krije dizze wike berjocht oer de fierdere gong fan saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)