'Bjirkhin moat werom komme'

29 aug 2014 - 12:21

De bjirkhin, korhoen, moat werom komme yn it Fochtelerfean. In groep politisy en natuerleafhawwers út Eaststellingwerf en Steatsboskbehear wolle dat ûndersocht wurdt wat de mooglikheden binne dat it bist werom komme kin. It gebiet moat dan wol oanpast wurde. Derfoar wurdt gearwurking socht mei de boeren dy't it gebiet beheare.

Eardere eksperiminten op oare plakken mislearren, mar dochs tinke de inisjatyfnimmers dat de kâns fan slagjen yn it Fochtelerfean grutter is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)