Digitaalhûs yn Easterwâlde

29 aug 2014 - 12:06

Easterwâlde krijt it earste digitaalhûs fan Fryslân. Dat is in plak dêr't minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne, byles krije kinne op de kompjûter. Frijwilligers sille dêr by helpe.

Sa'n 13 persint fan de Fryske befolking hat muoite mei lêzen en skriuwen. It digitaalhûs komt yn de bibleteek en is altyd iepen as de bibleteek ek iepen is. De bibleteek fan Easterwâlde wie al wat langer dwaande mei it jaan fan stipe oan minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne. Sa is der in gearwurking mei it Friesland College.

Foar de earste twa jier is de finansiering regele. Der is ek Europeeske subsydzje frege. De bibleteek fan Easterwâlde hat al tsientallen minsken yn byld dy't lês- en skriuwlessen folgje wolle. Mei de gemeente, it UWV en skoallen wurde petearen fierd om mear kandidaten op te spoaren. De iepening fan it earste digitaalhûs fan Fryslân is moandei 8 septimber, yn bywêzen fan Twadde Keamerlid Lutz Jacobi.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)