Rêchblessuere Epke Zonderland

Turner Epke Zonderland fan It Hearrenfean hat wer lêst fan in âlde blessure. It is syn rêch dy't op it stuit wer opspilet. Ien fan syn skiven sit skeef en dêrtroch kin er op it stuit net folút traine. Zonderland docht dêrom net mei oan de oefenynterlân tsjin Italië, dit wykein.
Zonderland hat syn trainingsskema oanpast om sa op tiid fit te wêzen foar it wrâldkampioenskip turnjen yn Sina, oer fiif wiken. Dêr wol hy syn titel ferdigenje.