Aksjes soarch tsjin besuniging

Fryske meiwurkers yn de soarch fersette har tsjin besungings fan it kabinet. Op in aksjebyienkomst op It Hearrenfean hawwe se har tongersdeitejûn oansletten by in aksje fan it fakbûn Abvakabo/FNV. Dy wol mei in petysje foarkomme dat de Twadde Keamer de 'Wet langdurige zorg' oannimt. Neffens it bûn betsjut dy wet in fersobering fan de soarch en it ferlies fan banen. Ek wurdt besocht mei de aksje eardere besuniging werom te draaien.
Neist de petysje wurdt ek op oare manieren aksje fierd.
By de byienkomst op It Hearrenfean wienen sa'n 70 minsken oanwêzich, dy sille besykje har kollega's sa fier te krijen dat se de petysjes ek tekenje. Abvakabo/FNV docht ek in berop op de leden fan syn oare bûnen.