Rezjimintsdei yn Ljouwert

28 aug 2014 - 15:54

It sintrum fan Ljouwert stiet tongersdeitemiddei fol mei militêren. Dêr wurdt foar it tredde jier op rige de Rezjimintsdei holden. It defilee op Fleanbasis Ljouwert sette middeis útein. Fan de fleanbasis rûnen sa'n fiifhûndert militêren nei it Saailân.

Op it Saailan fynt de beëdiging plak fan nije militêren by it 44 Pantserinfanteriebataljon. Ek wurde der gouden medaljes útrikt foar earlike en trouwe tsjinst en twa sulveren medaljes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)