Skea oan fundearring fytsbrêge

By it slimme auto-ûngelok op 26 maaie by fytsbrêge De Slinger - oer de Suderhegewei yn Drachten - is ek de fundearring fan de brêge beskeadige rekke. Dat docht bliken út ûndersyk dat de bouwer fan de brêge tongersdei dien hat.
Yn it beton ûnder de brêge sit in skuor. Hoe slim dat is, moat noch fierder útrekkene wurde. Ek de stielen ûnderdielen fan de brêge binne mei spesjale mjitapparatuer ûndersocht op skuorren. De útslach dêrfan is noch net bekend. Yn ien fan de pylders sit in knik. Dy pylder sil yn elk gefal ferfongen wurde.
In auto ried ein maaie mei hege snelheid tsjin ien fan de fjouwer pylders fan de brêge oan. De 32-jierrige bestjoerder út Winsum yn Grinslân kaam dêrby om it libben. De brêge waard earst ôfsletten. Doe binne grutte stimpels ûnder de brêge setten en koe er earst wer iepen.
Wannear't it herstel fan de pylder en eventueel de fundearring begjinne kin, is ôfhinklik fan de útkomsten fan it ûndersyk.