Problemen mei digitale boeken

Troch problemen by útjouwerij Noordhoff kinne meardere middelbere skoallen yn Fryslân gjin gebrûk meitsje fan digitale boeken. Hûndert fan de fjirtjinhûndert titels fan útjouwerij Noordhoff binne net beskikber troch in technyske fout.
Op it Ljouwerter Lyseum kinne se no bygelyks net gebrûk meitsje fan it digitale lesmateriaal by Dútsk. Utjouwerij Noordhoff ferwachtet dat de problemen mei de digitale skoalboeken oan de ein fan nije wike oplost binne.