Rolstoelpaad Ketlik opknapt

27 aug 2014 - 20:54

De natuer om Ketlik hinne wurdt wer better tagonklik foar minsken yn in rolstoel. It rolstoelpaad fan it Fryske Gea dat dêr al tolve jier leit krijt dizze dagen in nije betonnen toplaach. It âlde paad wie net goed mear, somtiden kamen minsken der mei har rolstoel yn fêst te sitten. Ein nije wike is it paad troch it Ketliker Skar wer tagonklik.

De folsleine rûte fan 2,5 kilometer is aanst fan beton, dat wurdt dien mei finansjele stipe fan de Postcode Loterij. It nije paad moat tritich oant 4fjirtich jier meigean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)