Oannimmer dyk Harns bekend

Dyk by Harns mei de Keningsbrêge © Google Street View
Ballast Nedam hat fan Rykswettersteat de opdracht krigen foar de oanlis fan in nije sneldyk by Harns. De dyk komt yn de grûn te lizzen, sadat der gjin sichtbere skieding mear is tusken de twa helten fan de stêd. Neist de dyk leit Ballast Nedam ek in nij stik spoar oan, dat boppe oer de dyk hinne giet.
It giet om in foarriedige gunning oan Ballast Nedam. Der kin oant heal septimber noch beswier tsjin makke wurde.