Ynternet foar revalidearjenden

Op de berne-ôfdieling fan Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach kinne jonge revalidanten tenei fia wifi en spesjale laptops fergees ynternette. De fasiliteiten hjirfoar binne woansdei oan de ynstelling skonken troch de Stichting Michael-Wings. Dêr wie ek fuorbaltrener Gert-Jan Verbeek by. Bern binne bliid dat se yn har keamer kontakt mei famylje en freonen hâlde kinne fia de sosjale media.