Hearrenfean: 50.000 ynwenners
De gemeente Hearrenfean hat sûnt koart 50.000 ynwenners. Yn maaie wienen dat der hast 7.000 minder, mar troch de weryndieling hat de gemeente der in grut tal nije ynwenners by krigen. De 50.000ste makket diel út fan in gesin, dat koartlyn nei de gemeente ferhuze is.